Inschrijvingsformulier




Verhalen ...

FERHALEJÛN 17 NOVIMBER yn Gasterij De Wâldwei by de Himpenserpoldermole.


De Monumentenstichting Boarnsterhim organisearre op `e tredde freed yn novimber 2023 in jûn mei nijsgjirrige ferhalen dy’t te krijen ha mei de Himpensermarpolder. 

Fjouwer minsken fertelden der elk in ferhaal oer harren bining mei de Himpensermarpolder.

De ferhalen binne trije kear ferteld, en meienoar kamen der sa`n 40 minsken op ta. 

Mei foar eltsenien noch in kop kofje en in drankje der op ta wie om de iepen hurd hinne der yn Gasterij De Wâldwei in smûke ferteljûn..


Hanna Bruin:  It wie it net altyd sa freedsum.


Mei Hanna dûke we fier werom yn `e skiednis. Nei in tiid doe’t de Himpensermar noch mar wie en it der net altyd like fredich om en ta gie. Sa`n fiif iuwen lyn waard de polder noch brûkt as eksekúsje plak. Yn in striid tusken lju mei ferskillende godstsjinstige oertsjûgings hawwe har hjir de meast ferskriklike tafrielen ôfspile. Wy kinne ús amper foarstelle hoefolle lijen en fertriet oft dat mei him meibrocht. Yn Hanna har ferhaal hearre jimme der mear oer.


Lykele van der Ven:  Fêste beakens yn de polder.


As jo yn de Himpensermarpolder steane en om jo hinne sjogge, dan kinne jo op syn minst twa tuorren sjen. Dy fan Wergea en dy fan Warstiens. Fêste beakens fan no en út it ferline. In ferline mei yn dizze kriten in protte marren. Lykele praat ús by oer de skiednis fan it gebiet en wat mear oft wy te witten komme, wat nijsgjirriger it plaatsje wurdt.


Sjoerd Spykstra:  Fan mar oant polder.


Sjoerd Spijkstra is histoarikus, speurder yn de skiednis fan Wergea en omjouwing. Hy hat al in soad nijsgjirrichheden oer de Himpensermarpolder boppe wetter helle. Syn ferhalen oer de mûnen, it drûch meallen, de bysûndere ferkaveling, de pleatsen en fansels de bewenners jouwe in moai oersjoch fan hoe’t de mar in polder wurden is.


Jakob Hanenburg:  De feroarjende natuer.


De fjirde ferteller dizze jûn is de boskwachter fan de Himpensermarpolder. Hy nimt ús mei op in tiidreis om te sjen hoe’t natuer en omstannichheden de ôfrûne pear hûndert jier feroare binne. Hoe't floara en fauna reagearje op de feroaring fan wetter nei lân. En fansels hoe bysûnder en weardefol de natuer hjoed-de-dei noch is yn dy unike polder tusken Ljouwert en Wergea.

.



Share by: